She Wore a Yellow Ribbon
She Wore a Yellow Ribbon | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Ford | |
produsint | Merian C. Cooper | |
senario | Frank Nugent Laurence Stallings | |
basearre op | 2 koarte ferhalen fan James Warner Bellah | |
kamerarezjy | Winton Hoch | |
muzyk | Richard Hageman | |
filmstudio | Argosy Pictures | |
distribúsje | RKO Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | John Wayne Joanne Dru | |
byrollen | John Agar Victor McLaglen Harry Carey jr. Ben Johnson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 july 1949 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1,6 miljoen | |
opbringst | $2,7 miljoen | |
prizen | Oscar 1950 |
She Wore a Yellow Ribbon is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1949 ûnder rezjy fan John Ford, mei yn 'e haadrollen John Wayne en Joanne Dru. De titel betsjut: "Se Droech in Giel Lint", in ferwizing nei in populêr marsliet mei deselde namme (it dragen fan in giel hierlint troch in jonge frou wie in teken dat se harsels oan in man fersein hie). It ferhaal giet oer kaptein Nathan Brittles, in ofsier fan 'e kavalery fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1876 by syn post Fort Starke de frede mei de Yndianen besiket te bewarjen nei de opskuor dêr't de Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn foar soarge hat.
She Wore a Yellow Ribbon wie de twadde fan Ford syn kavalerytrilogy, nei Fort Apache (1948) en foar Rio Grande (1950). De film waard opnommen op lokaasje yn Monument Valley. Mei in budget fan $1,6 miljoen wie it doedestiden de djoerste western ea makke. Ford en kameraregisseur Winton Hoch besochten mei de lânskipsbylden yn 'e film aktyf de skilderijen fan Frederic Remington nei te bearen. De film wie gâns súksesfol en wûn yn 1950 de Oscar foar bêste kamerarezjy.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it suden fan 'e Grutte Flakten ferlitte de Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho yn 1876 harren reservaat nei't bekend wurdt dat it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn ferslein is troch de Lakota en de Noardlike Sjajinnen. Yn Fort Starke, in kavalerykazerne dêr't ien kompanjy stasjonearre is, rint op dat stuit kaptein Nathan Cutting Brittles tsjin syn ferplichte pinsjonearring oan, nei't er 43 jier yn it Amerikaanske Leger tsjinne hat. De kommandant fan it fort, syn freon, majoar Mack Allshard, jout him, as er noch inkele dagen te gean hat as ofsier, in lêste misje. Brittles moat de kompanjy mei op patrûlje nimme en derfoar soargje dat de Yndianen nei harren reservaat weromkeare sûnder tagelyk in nije Ynidaanske oarloch te feroarsaakjen.
Dy drege taak wurdt noch dreger makke trochdat er tagelyk ek Allshard syn frou Abby en omkesizzer Olivia Dandridge (en in kapwein dy't fol laden is mei harren besittings) eskortearje moat nei Sudrow's Well, dêr't er harren op 'e postkoets nei it easten sette moat. Brittles syn ûnderhearrige ofsieren, earste luitenant Flint Cohill en twadde luitenant Ross Pennell, dy't sûnder nocht útsjogge nei de pinsjonearring fan harren mentor, binne ûnderwilens ferwikkele yn in ûnderlinge striid om 'e affeksje fan 'e tsjeppe juffer Dandridge, eat dat it fanke mei har flirterige hâlden en dragen noch oanfiteret. Sa draacht se in giel hierlint, mar wol se net sizze foar wa't dat bedoeld is. Om't syn ofsieren te drok mei oare dingen binne, moat Brittles foar dizze misje mear fertrouwe op syn ûnderofsieren, sersjant 1e klasse Quincannon en it haad fan 'e ferkenners, sersjant Tyree (dy't foarhinne sels in Konfederearre kavalerykaptein wie).
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underweis nei Sudrow's Well om 'e beide froulju ôf te setten sadat er de hannen frij hat, stjit Brittles op in karafaan fan 'e Súdlike Arapaho, dy't harren hiele doarp ferhúzje en yn deselde rjochting optsjogge as de kavalerykompanjy. Brittles beslút gjin inkeld risiko te nimmen salang't er de froulju op 'e noed hat, en nimt in romme bocht om 'e Yndianen hinne. Dêrtroch wurdt oardel dei oan 'e reis nei Sudrow's Well tafoege. Yn dy tiid foeget in lytsere patrûlje fan 'e kavalery, dy't efterneisitten wurdt troch in groepke krigers, him by de kompanjy. Brittles syn mannen driuwe de krigers op 'e flecht en ride neitiid troch swierwaar en rein hinne om safolle mooglik ôfstân te nimmen, wylst de legerdokter de ferwûne sersjant fan 'e lytse patrûlje yn 'e kapwein operearret.
As de kompanjy úteinlik arrivearret by Sudrow's Well, binne dêr sawol de hannelspost as de postkoets by in Yndiaanske oanfal troch brân ferwoastge. Sudrow en de frou binne omkommen, mar harren beide jonge bern hawwe de oanfal oerlibbe troch harren te ferskûljen yn it spekhok. Dat betsjut dat Brittles net inkeld de froulju mei weromnimme moat nei Fort Starke, mar no ek noch mei in pear lytse bern oantangele sit. Yn 'e wittenskip dat de Yndianen de hannelspost yn 'e rekken hâlde, jout er syn mannen opdracht om in grut fertoan te meitsjen fan it opslaan fan harren kamp, wêrnei't de kompanjy ûnder dekking fan it tsjuster stilwei útpykt. By de furde troch in rivier jout Brittles oan luitenant Cohill opdracht om dêr mei in ôfdieling manskippen efter te bliuwen en de Yndianen it oerstekken fan 'e rivier te beletten wylst Brittles mei de rest fan 'e kompanjy de froulju en bern yn feilichheid bringt. Juffer Dandridge, dy't oant dan ta fral rûzje makke hat mei Cohill, liket, no't er de kâns rint te sneuveljen, ta it besef te kommen dat se dochs gefoelens foar him hat.
Brittles syn misje is op alle fronten mislearre. Net inkeld hat er de froulju net op 'e postkoets sette kinnen, mar trochdat er oan hannen en fuotten bûn wie mei harren en de kapwein koed er net fanwegen komme tsjin 'e Yndianen. Boppedat hat er net foarkomme kind dat de ferriedlike keapman Karl Rynders de krigers fan nije gewearen foarsjoen hat. Nei't Brittles de froulju en bern yn it fort ôflevere hat, wol er nei in pear oeren rêst de kompanjy weromliede nei de furde om Cohill-en-dy te ûntsetten. Dêr leit majoar Allshard lykwols it near op: de pinsjonearring fan Brittles giet oer 24 oeren yn, en de misje dy't er yn 'e holle hat, sil perfoarst langer duorje. Ynstee stjoert Allshard de oare moarns ier luitenant Pennell oan it haad fan 'e kompanjy nei de furde. Brittles beart ûnderwilens dat er ek klear is mei it leger as it leger klear is mei him, en riidt dyselde deis noch fuort, nei't er seit om him yn Kalifornje te fêstigjen.
Yn wurklikheid riidt er werom nei de furde, dêr't er arrivearret mei noch fjouwer oeren as kavalery-ofsier te gean. Hy nimt it befel dêr oer fan Cohill en giet mei sersjant Tyree it kamp binnen dat de Súdlike Arapaho net fier dêrwei opslein hawwe. Brittles siket it âlde opperhaad Pony-That-Walks ("Mustang-Dy't-Rint") op om te besykjen en bepraat him om syn krigers werom nei it reservaat te lieden. Pony-That-Walks leit him lykwols út dat de jonge krigers alhiel oerémis binne troch de Yndiaanske oerwinning oan 'e Little Bighorn, en dat se net om sizzen jaan wolle. Mei noch ien oere te gean foar syn pinsjonearring (dy't om 'e midsnacht yngiet), liedt Brittles dyselde jûns de kavalery by in nachtlike wraam op it Arapaho-kamp. De soldaten driuwe de hiele hynstekeppel fan 'e Yndianen op 'e rin, wêrmei't se de krigers de middels ûntnimme om oarloch te fieren. Sadwaande sille dy no twongen wêze om werom te kearen nei it reservaat.
Om twa minuten foar midsnacht draacht Brittles it befel oer oan Cohill en riidt fuort, diskear om wier nei Kalifornje te gean. Mar it leger blykt dochs noch net alhier klear te wêzen mei him, en sersjant Tyree wurdt him efternei stjoerd om him werom te heljen nei Fort Starke. As er dêr dagen letter wer oankomt, leit der in oanstelling ta lieder fan 'e ferkenners op him te wachtsjen (in funksje dy't eins bûten de fêste legerstruktuer stiet), mei in promoasje ta luitenant-kolonel. Yn 'e tuskentiid hawwe luitenant Cohill en juffer Dandridge harren ferlove. De film einiget as de kavalerykompanjy wer ta it fort útriidt om op patrûlje te gean.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein Nathan Brittles | John Wayne |
Olivia Dandridge | Joanne Dru |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
earste luitenant Flint Cohill | John Agar |
sersjant Quincannon | Victor McLaglen |
twadde luitenant Ross Pennell | Harry Carey jr. |
sersjant Tyree | Ben Johnson |
Abby Allshard | Mildred Natwick |
majoar Mack Allshard | George O'Brien |
dokter O'Laughlin | Arthur Shields |
sersjant Hochbauer | Michael Dugan |
opperhaad Pony-That-Walks | Chief John Big Tree |
sersjant Hench | Fred Graham |
opperhaad Sky Eagle | Chief White Eagle |
korporaal Quayne | Tom Tyler |
Red Shirt | Noble Johnson |
barkeeper Connolly | Francis Ford |
keapman Karl Rynders | Karl Rynders |
soldaat Cliff | Cliff Lyons |
soldaat Wagner, de hoefsmid | Mickey Simpson |
korporaal Kumrein | Fred Libby |
soldaat John Smith / Konfederearre brigadegeneraal Ron Clay |
Rudy Bowman |
assistint fan Rynders | Paul Fix |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Preproduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]She Wore a Yellow Ribbon waard regissearre troch John Ford nei in senario fan Frank Nugent en Laurence Stallings, dat basearre wie op twa koarte ferhalen fan James Warner Bellah. Dêrby gie it om The Big Hunt, dat yn 1947 ferskynde yn The Saturday Evening Post, en War Party, dat yn 1948 yn deselde krante ôfprinte waard. De titel fan 'e film betsjut: "Se Droech in Giel Lint", en is in ferwizing nei in populêr marsliet mei deselde namme (it dragen fan in giel hierlint troch in jonge frou wie in teken dat se harsels oan in man fersein hie). As produsint wie Merian C. Cooper by de film belutsen, foar de filmstudio Argosy Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Winton Hoch, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Fryske komponist Richard Hageman.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er oan 'e film begûn, wist Ford noch net wa't er yn 'e haadrol caste soe, mar hy wist wol dat it John Wayne net waard. Behalven dat er dy syn aktearjen ûnder de mjitte fûn, wie it personaazje fan Nathan Brittles ek nochris tweintich jier âlder as Wayne. Hy betocht him lykwols nei't er yn 1948 Wayne yn 'e western Red River sjoen hie, dy't him ta it besef brocht dat Wayne him as akteur yn 'e foargeande jierren sterk ûntwikkele hie. Sadwaande krige Wayne de rol fan Brittles úteinlik dochs, en She Wore a Yellow Ribbon wie neitiid altyd ien fan Wayne syn eigen favorite aktearprestaasjes. Hy fûn dat er de Oscarnominaasje yn 'e kategory bêste akteur, dy't er yn 1949 yn 'e wacht sleepte foar syn rol yn 'e oarlochsfilm Sands of Iwo Jima, eins foar She Wore a Yellow Ribbon krije moatten hie.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar She Wore a Yellow Ribbon wie in budget beskikber fan $1,6 miljoen, wêrmei't it doedestiden de djoerste westernfilm wie dy't ea makke wie. De film waard op lokaasje opnommen yn Monument Valley, mei syn dramatyske rotsformaasjes, oan 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Arizona en Utah, yn it Navaho Yndianereservaat. De crew en cast libben dêr yn primitive omstannichheden yn blokhutten mei ierden flierren en mienskiplike dûsen dy't inkeld kâld wetter hiene. Nettsjinsteande dat (of miskien wol dêrtroch) kaam de film rom binnen it stelde tiidskema ree. John Ford liet syn âldere broer Francis de rol fan barkeeper Connolly spylje, en hold him neffens filmhistoarikus Charles Bar acht wiken lang yn 'e tsjinst, wylst syn minimale roltsje maklik yn minder as ien wike filme wurde kinnen hie.
Hoewol't kameraregisseur Winton Hoch in Oscar wûn foar syn wurk oan She Wore a Yellow Ribbon, wie it filmjen foar him gjin maklik proses fanwegen oanhâldende konflikten mei regisseur John Ford. De meast ikoanyske sêne fan 'e film wie iroanysk genôch it resultaat fan sa'n mieningsferskil. Wylst in rige kavalery troch de woastyn ried, pakten oan 'e hoarizon dûnkere wolkens har gear as oankundiging fan swierwaar. Hoch begûn syn kamera's op te romjen, mar Ford joech him opdracht om troch te gean mei filmjen. Hoch lei him út dat dêr net genôch ljocht foar wie, en boppedat koene de kamera's wol wjerljochtlieders wurde as it swierwaar losbarste, mei slimme ferwûnings foar de kameralju ta gefolch. Ford negearre de warskôgings fan Hoch en makke de sêne ôf wylst it swierwaar oer de filmset hinne rôle en crew en cast allegear dweiltrochwiet reind waarden. Hoch soe oer dat ynsidint letter in formele klacht tsjin Ford yntsjinne hawwe by it Amerikaansk Selskip fan Kameraregisseurs (ASC).
It ferhaal oer de wegering fan Hoch om yn swierwaar te filmjen waard neitiid faak neiferteld troch lju dy't it sels net meimakke hiene, en dêrby gauris ek noch wat moaier makke. Akteur Harry Carey jr., dy't derby wie, fertelde it lykwols sa. Ford hie syn sêne al foltôge doe't it skildereftige swierwaar yn 'e fierte opdoemde. Hy krige doe it idee om 'e sêne nochris oer te dwaan tsjin 'e eftergrûn fan 'e tichtlûkende loft, dat hy frege Hoch oft dy't yn in belúnjende ljocht filmje koe. Hoch antwurde: "It is wol ferrekte tsjuster, Jack. Ik wol it wol filmje. Mar ik kin dy neat ûnthjitte." Ford sei dêrop (ferwizend nei de kameralins): "Winnie, doch him mar iepen en litte we it besykje. As it neat wurdt, is it myn skuld." Hoch antwurde: "Bêst genôch, Jack," en die wat him sein waard.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]She Wore a Yellow Ribbon waard distribuëarre troch RKO Pictures, en gie op 26 july 1949 yn Kansas City, yn Kansas, yn premiêre. De film iepene op 22 oktober fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat She Wore a Yellow Ribbon in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 21 ûnderskate resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]She Wore a Yellow Ribbon brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $2,7 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $1,6 miljoen kaam dat del op in winst fan $1,1 miljoen, wat foar dy tiid in prima resultaat wie.
Yn 1958 waard in pilotôflevering foar in tillefyzjesearje makke op basis fan She Wore a Yellow Ribbon. De searje moast Command komme te hjitten, en it senario foar de pilot wie skreaun troch James Warner Bellah. Everett Sloane spile de rol fan kaptein Brittles en Ben Cooper dy fan luitenant Cohill. It waard lykwols gjin súkses, en de searje waard nea makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |